50 Tinten Groen oan Aldebiltdyk lûkt 10.000ste besiker

17 sep 2018 - 15:56

Jan Boonstra út Tsjerkgaast wie moandei de 10.000ste besiker fan it gewaaksefjild 50 Tinten Groen oan de Aldebiltdyk. As sjauffeur hie er wol faker by it fjild delriden as ferfierder. No kaam er del om in praatsje te meitsjen mei 'boer' Piet Hoekstra, betinker fan it fjild.

Foto: potatoes go wild

Jan Boonstra krige in pakket fan lokale produkten, it kaart- en kwartetspul 50 tinten grien, in poëzyboek, in mok fan de Bildtse Aardappelweken en twa kaarten foar de foarstelling 'De smaak van Friesland', dêr't 50 Tinten Groen in belangrike rol yn spilet.

Op it fjild binne âlde, nije en fergetten gewaaksen siedde en rispe. Noch altyd is der wat te sjen, lykas no de moster dy't bloeit.

Piet Hoekstra fan 50 Tinten Groen

Piet Hoekstra hie noait tocht dat it sa'n sukses wurde soe. "We hadden 4.000 boekjes laten drukken, en daar konden we het net mee redden. Sommige mensen komen vaker dan één keer, dan willen ze zien hoe het veld er na drie weken uitziet, hoe het groeit en hoe we oogsten." Minsken reagearje entûsjast en leare in hoop oer de gewaaksen. Yn septimber is it fjild noch te besjen. "Op 28 september verkopen we de blokhut bij het veld per opbod, dan is het gebeurd."

(advertinsje)