The Colorfield Performance by Sleat is klear: lêste doeken binne beskildere
It skilderijeprojekt The Colorfield Performance fan keunstner Dirk Hakze by Sleat is klear. Keunstner Eduard Frieser fan Grou hat moandei mei noch in pear oaren de lêste wurken makke. Dêrmei binne de 499 panielen beskildere. Se steane opsteld yn in trijehoeke yn in greide yn de iepen loft.
Colorfield Dirk Hakze
Mei elkoar ha 440 keunstners deroan meiwurke. Minsken kinne troch it keunstwurk hinne rinne, it binne stik foar stik skilderijen, mar alles mei elkoar foarmet ek ien grut keunstwurk, in soarte fan land art.
Eduard Frieser wie ek de allerearste skilder fan it projekt. "Toen was alles nog maagdelijk wit, een vreemde gewaarwording", seit er. No is it in see fan kleur. Hy fynt it in eare dat er meidwaan mei. "Het is fantastisch om te zien, een heel bijzonder gezicht, al die kleuren."
Dirk Hakze wie fan doel om sels 99 doeken te beskilderjen, mar is mei syn 20ste skilderij dwaande. "Meer is niet gelukt, ik was teveel manusje-van-alles. Er was geen budget voor een assistent, dus moest ik zelf veel doen. Pech, maar ook wel leuk om direct contact met collega's te hebben."
It publyk is hiel entûsjast, neffens Hakze: "Er is nog niemand depressief weggegaan."
Ferslachjouwer René Koster prate mei Dirk Hakze
The Colorfield Performance is noch oant 1 oktober te sjen. Der is belangstelling út it bûtenlân wei, seit Hakze. "Australië, Nieuw-Zeeland, Zwitserland en Duitsland."

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.