Ruurd Jelle van der Leij troch film Wad fan fotograaf nei natuerfilmer

Ruurd Jelle van der Leij (33) fan Aldeholtpea wie altyd fotograaf. Mar troch de film Wad fan Ruben Smit, dy't yn oktober yn premjêre giet, is alles feroare. Smit hierde Van der Leij yn as kameraman. En sa makke hy kennis mei de wrâld fan natuerfilms.
© Omrop Fryslan
Smit wie ûnder de yndruk fan de natuerfoto's fan Van der Leij en frege him om as kameraman mei te dwaan oan Wad. Nei in wike útlis oer de kamera en it kamerawurk gie hy folslein selsstannich oan it wurk. En dat slagge tige goed.
Ruurd Jelle van der Leij
Van der Leij, dy't kust- en seemanagement studearre hat, hat fieling foar it wurk en makke in tal sênes foar de film. Smit wie dêr tige tefreden oer.
Van der Leij hopet yn de takomst syn wurk as fotograaf en kameraman te kombinearjen.