Konflikt tusken direksje en haadredaksje fan Omrop Fryslân

17 sep 2018 - 14:12

Der is in konflikt ûntstien tusken haadredakteur Klaas Geert Bakker en direkteur Nina Hiddema fan Omrop Fryslân. Bakker sit foarearst thús.

Neffens direkteur Hiddema is der sprake fan in ûnwerstelber fersteurde wurkrelaasje. It personiel fan Omrop Fryslân is moandeitemiddei op de hichte brocht troch de direksje.

Bakker is sûnt april 2015 yn tsjinst fan Omrop Fryslân. Omdat de saak ûnder de rjochter is, wol Hiddema fierder net op de details yngean.

(advertinsje)
(advertinsje)