Lyts Tolsum yn Tsjom krijt gjin jild mear foar spesjale lessen

17 sep 2018 - 13:25

Soarch- en learbuorkerij Lyts Tolsum yn Tsjom krijt gjin jild mear foar de op maat tapaste lessen oan autistyske jongeren. Dy moatte wer de klasse yn en dat komt net goed, tinke ek de âlden.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Lyts Tolsum kin sa wol ophâlde, want sûnder jild fan de gemeenten kin gjin les jûn wurde. De gemeenten wolle soarch- en ûnderwiisbudzjetten skieden hâlde, wylst dat by Lyts Tolsum no krekt sa goed wurket, om't it net skieden is.

Sân jongeren kinne troch dizze ûntwikkelingen net in diplioma helje. Dêr hiene se by Lyts Tolsum alle gelegenheid ta. Werom yn regulier ûnderwiis is net goed foar de jongeren. Dêr binne se earder al fêstrûn. Ek de spesjaal foar autistyske jongeren opsette Einsteinklassen mei lytse groepkes is foar dizze doelgroep.

De problematyk fan ûnderwiis oan learplicht-frijstelde jongeren mei as foarbyld Lyts Tolsum, is te sjen yn it programma De Monitor op tiisdei 18 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)