Lêste nijsbrief Omrop

06 nov 2011 - 17:03

Omrop Fryslân ferstjoert op snein 6 novimber foarearst foar it lêst in deistich e-mailnijsbrief. Wichtich nijs yn dit nijsbrief is it tredde plak fan Sven Kramer op de 10 km by de NK ôfstannen op It Hearrenfean. De nijsbrief ferdwynt, omdat op moandei 7 novimber de nije website fan Omrop Fryslân on-line giet. De nije site wol it nijs op in oantreklike en eigentiidske wize presintearje. It nijs fan de omrop is ek te folgjen op Twitter, social media en de iPhone-app.

(advertinsje)