Narjen op skoalle Easterwâlde wurdt minder nei telefyzjeprogramma

17 sep 2018 - 13:14

Dizze wike is it 'Anti-pest-wike'. It tal bern dat te krijen hat mei pesten rint werom, mar oandacht foar narjen bliuwt bot nedich. Op iepenbiere basisskoalle Boekhorst yn Easterwâlde dogge se mei oan dizze spesjale wike.

Sara en Sabine fan de skoalle binne bot narre. "Er werd erg gepest, dat ging van schoppen, slaan en uitschelden, maar ook plakten ze briefjes op de rug met 'schop mij' erop. Dat hebben we wel tegen juf gezegd, maar er gebeurde niet superveel." Se hienen der bot lêst fan en gûlden jûns op bêd. Direktrise Anita de Vries wie skrokken fan de ferhalen. "We hadden niet in de gaten dat het zo erg was. Kinderen zijn er een kei in om zoiets achter de rug van de juf om te doen of als juf even uit de klas is."

Cyberpeste - Foto: Shutterstock.com

De skoalle hat meidien oan it telefyzjeprogramma Anti Pest Club. "Het was heel leuk, het pesten is gelukkig gestopt. Het gaat stukken beter in de groep." Ek de direktrise sjocht ferskil. "De kinderen hebben meer zelfvertrouwen en weten van elkaar dat ze niet de enige zijn. Ze komen nu ook voor elkaar op."

Tongersdei is by NPO Zapp it telefyzjeprogramma de Anti Pest Club mei de skoalle fan Easterwâlde te sjen.

Hayo Bootsma wie op de skoalle

Yn it basisûnderwiis jout lanlik tsien persint fan de bern oan dat se pest wurde. Yn 2014 wie dat noch fjirtjin persint. Yn it fuortset ûnderwiis giet it no om fiif persint fan de bern, dy't narre wurdt. Yn 2014 wie dat noch 11 persint.

(advertinsje)
(advertinsje)