Plysje hâldt hiele wike aksje om himpkwekerijen op te rôljen

17 sep 2018 - 12:41

De plysje Noard-Nederlân is dizze wike drok dwaande mei in grutte aksje om himpkwekerijen binnen te fallen en ek plakken dêr't syntetyske drugs makke wurde.

Yn dizze wike wurket de plysje ûnder oare gear mei netbehearders, gemeenten, brânwacht en wenningbouferieningen. De kommende dagen bringe se benammen besites oan adressen dy't de plysje nei tips binnenkrigen hat. Foar dizze aksje binne plysjes frijmakke en de krêften bondele mei partners om de drugskriminaliteit oan te pakken.

Gefaarlike situaasjes

"We vallen locaties binnen, zoals woningen. Er kunnen gevaarlijke situaties ontstaan zoals brandgevaar bij hennepkwekerijen", fertelt Naomi Hoekstra fan de plysje. "Vanochtend waren we in Nij Beets. Op zolder was een kwekerij met een warboel aan stroomdraden. Dat is levensgevaarlijk." Hoefolle adressen de plysje oandocht, wol se net sizze, mar se dogge de ynfallen ek yn Grinslân en Drinte. "We willen hennepkwekerijen opruimen, we willen dat het stopt. Mensen kunnen altijd tips blijven geven."

De aksjewike foar Noard-Nederlân wurdt foar it earst hâlden, mar se wolle der wol in ferfolch oan jaan. "Elke kwekerij die we stoppen is er één."

Foto: Public Domain Pictures

It hiele jier troch is der omtinken foar de bestriding fan himp en syntetyske drugs, mar ek foar oare foarmen fan kriminaliteit dy't dêr mei te krijen hawwe. It giet dan om ôfparsing, it wytwaskjen fan jild en geweld.

(advertinsje)
(advertinsje)