Dokkum hat no ek eigen drûge woarst, mei lokaal bier deryn

17 sep 2018 - 11:44

Njonken in regionaal bierke, it Kâld Kletske, kin no ek in stikje woarst út de regio iten wurde. De 'Dockumer droge worst' is makke mei fleis fan kij dy't alle dagen kuierje op it Waad, mei dêr trochhinne it bier út Dokkum. Betinker is Gerbrand Nicolai, dy't it fleis by syn skoanheit weihelle en it bier fan goeie freonen. "Myn neef is de bêste woarstemakker fan Nederlân. Ien plus ien plus ien is trije en dat blykt in suksesformule."

Foto: Dockum Vleesch

Yn de Dokkumer drûge woarst sit gjin fet fan bargen. "Dêrtroch krijst in echte drûge woarst", fertelt Nicolai. "Troch it fleis smite wy it bier, wêrtroch't de woarst in lekkere hoppige smaak krijt."

Net allinnich Nicolai is te sprekken oer de smaak. Op de Admiraliteitsdagen krige it publyk in foarpriuwke. De reaksjes wiene entûsjast. "Elkenien is tige te sprekken oer de woarst."

Gerbrand Nicolai fan de Dockumer droge worst

Nicolai hat yntusken de smaak te pakken. "Ik ha plannen foar in woarst út Boalsert. Dêr ha se hiel goeie whisky. En whisky en woarst passe ek hiel goed by elkoar. Ik ha fan 'e middei al efkes belle, mar se ha noch net werombelle."

Ik ha ek al plannen foar 'whiskywoarst út Boalsert.

Gerbrand Nicolai

De woarst wurdt makke troch Lieuwe Weidenaar yn Dokkum en is ûnder oare te keap by supermerken yn de regio. De ferkeappunten wurde dizze wiken útwreide nei de rest fan de provinsje. It 'Kâld Kletske' is al yn 2014 ûntwikkele.

Trefwurden: 
Dokkum bier woarst
(advertinsje)
(advertinsje)