Grou moat it tenei sûnder wrâldmielen stelle yn Friesma State

17 sep 2018 - 11:27

Yn Grou kinne minsken fan ein septimber ôf net mear oanskowe foar in wrâldmiel yn it restaurant fan wensoarchsintrum Friesma State. Kok Erik Jorritsma en syn meiwurkers Tietsje, Trienke en Elly hawwe fan soarchgroep Noorderbreedte te hearren krigen, dat de keuken fan it soarchsintrum net mear brûkt wurde sil foar dizze mielen.

Foto: Google Streetview

Friesma State organisearre alle moannen in wrâldmiel yn gearwurking mei de Wereldwinkel. Freed 28 septimber wurdt no de lêste kear. "Misschien dat er nog andere initiatieven worden ontplooid, maar daar is voorlopig geen zicht op'', seit in teloarstelde mei-organisator Jelle Wijbenga.

(advertinsje)