Trio Kuipers fluitet Real Madrid yn Champions League

Erwin Zeinstra fan Dronryp is mei skiedsrjochter Björn Kuipers oanwiisd om woansdei yn stadion Santiago Bernabéu yn Madrid de lieding te hawwen oer de wedstriid yn de Champions League. Dy giet tusken Real Madrid en AS Roma.
Erwin Zeinstra © www.orange-pictures.nl
Kuipers is oanwiisd troch de UEFA en wurket mei syn fêste assistinten. Neist Zeinstra is dat Sander van Roekel. Earder dit jier wie it trio aktyf op it WK yn Ruslân.
Danny Makkelie is skiedsrjochter by de wedstriid Club Brugge tsjin Borussia Dortmund. Trije fan syn assistinten komme út Fryslân. Lâns de line rinne Mario Diks en Hessel Steegstra. Jan de Vries is de fjirde man.