Ljouwert set fytscoaches yn tsjin oerlêst foutparkearre fytsen foar stasjon

It is net mear tastien om fytsen foar it stasjon yn Ljouwert te parkearjen. Fytsers moatte tenei harren twatsjiller yn de nije fytskelder by it stasjon delsette of yn de fytsestalling achter it stasjon. De hiele wike sille saneamde fytscoaches en minsken fan de hanthavening fytsers dêr de hiele wike op wize. Ek hingje der grutte spandoeken mei warskôgingen.
Ljouwert set fytscoaches yn
Ferslachjouwer Onno Falkena seach by de fytscoaches yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ljouwert nimt dizze maatregels, om't it syn nocht hat fan de oerlêst fan de fytsen op it plein foar it stasjon. Neffens wethâlder Friso Douwstra binne der allinnich mar foardielen oan it parkearjen yn de fytskelder. "Hast in drûch plak, de earste 24 oeren binne fergees, de stêd sjocht der folle fraaier en kreazer út en it is ek noch feilich." Yn de kelder is plak foar goed 3000 fytsen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Minsken dy't harren fyts noch wol foar it stasjon delsette, kinne in boete ferwachtsje. Boppedat wurdt de fyts fuorthelle en moat dy by de AFAC oan de râne fan de stêd ophelle wurde.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena