Kollum: "Ik bin in Drachtster"

"Ik bin in Drachtster. Earlik is earlik: ik krij dizze sin noch net sa goed myn strôt út. Mar it is echt sa. Ik bin in Drachtster. Sûnt de simmerfakânsje wenje ik yn Drachten. It haadplak fan de gemeente Smellingerlân. De selsbeneamde stêd sûnder stedsrjochten, dêr't minsken leaver Hollânsk as Frysk prate. It plak dêr't wy as omlizzende lytse doarpkes altyd in skythekel oan hienen. Drachten. Myn nije wenplak.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Hiest my in jier lyn ferteld dat ik no yn Drachten wenje soe, dan hie ik dy útlake. As Aldegeaster giest net frijwillich nei Drachten ta. Dan moat it al mâl mei dy gean, wolst dêr hinne moatte. Wêr't dy ôfgeunst weikomt, wit ik net, mar it hat neffens my altyd al sa west. Yn Drachten kin alles, wylst wy as doarpen altyd fjochtsje moatte foar wat nijs. De sporthal en it MFC by ús yn it doarp binne dêr in goed foarbyld fan. Mar leafst 12 jier ha wy stride moatten, foardat de skeppe de grûn yn gong.
En sa binne der mear saken. By ús yn it doarp wolle wy graach nije wenningen bouwe, sadat der romte frijkomt foar de jongerein dy't yn Aldegea wenjen bliuwe wol. Der is noch nijbougrûn beskikber, mar dochs hinget de gemeente yn de kont. Der moat earst in wiidweidich wenûndersyk komme, foardat der ek mar in boutekening yn it gemeentehûs makke wurdt.
Sûnt ik op de buert ferteld ha dat ik ferhûzje sil, stiet myn telefoan readgleon mei minsken dy't myn hûs wol keapje wolle. Der steane yntusken seis kandidaten op myn listje. Benammen starters dy't op syk binne nei in betelbere wenning yn Aldegea. Want dy binne der hast net. Hielendal net mear no't wenningboustichting Accolade oanjûn hat net ynvesteare te wollen yn nije hierwenten. Sterker noch, se wolle it oanbod krimpe litte yn de takomst.
De polityk hat de mûle fol fan de saneamde krimpdoarpen. Doarpen dy't leechrinne, wêrtroch't de supermerk ticht giet en de skoalle ophâldt, sadat der gjin kop mear wenje wol. Mar ek al binne der wol minsken dy't der wenje wolle, dan noch kin in doarp wol in krimpdoarp wurde. As der oeral om jo hinne oan de rem lutsen wurdt, dan kinst net oars as ferhúzje. As starters gjin wenning mear yn it doarp fine kinne, dan sit der neat oars op as in oar plak te sykjen. En dêrmei fergrizet in doarp en feroarest stadichoan yn krimpdoarp.
Ik snap wol dat in gemeente net samar grien ljocht jaan kinne as in doarp ropt om wenningen. Foardat der nijbou komme kin, moatte der earst sifers oan ten grûnslach lizze. Hooplik komme dy sifers dúdlik nei foaren út it wenûndersyk dat krekt foar de simmerfakânsje yn Aldegea holden is. En hooplik stiet by de gemeente de telefoan aanst krekt like gleon as by my, mei minsken dy't wol in hûs yn Aldegea keapje wolle. Want it moat net sa wêze dat alle Aldegeasters aanst oefenje moatte op dy iene sin. Ik bin in Drachtster."