Nij boartersparadys iepene yn Esonstad

17 sep 2018 - 07:12

Yn Esonstad is dit wykein in nij boartersparadys foar bern iepene. It paradys is net allinnich bedoeld foar gasten op it park, mar ek foar bern út de regio. It projekt ferge in totale ynvestearring fan oardel miljoen euro.

De ynvestearring liket in grutte gok yn dizze tinbefolke regio. Neffens parkmanager Milou Buisman is dat ek sa, mar se leaut yn it sukses en fynt dat de regio wol ekstra fasiliteiten brûke kin om minsken te lûken.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Gerrit de Boer seach by it nije boartersparadys

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)