Fryske boer docht dochs net mei oan Boer zoekt Vrouw

16 sep 2018 - 21:56

De Fryske dielnimmer oan it programma Boer zoekt Vrouw, de 28-jierrige Remco Aalbers út De Fochtel, docht dochs net mei oan it programma. De boer soe yn it foarjier op eigen houtsje al in frou fûn hawwe, en har frege hawwe om in brief te stjoeren.

Foto: ANP

"Dit is uiteraard niet de bedoeling", sa lit it programma witte fia harren webside. "Wij maken Boer zoekt Vrouw voor vrijgezelle boeren die niets liever willen dan een relatie en bij wie dat zonder onze hulp niet lukt. Omdat wij met veel deelnemers van Boer zoekt vrouw nauw contact hebben, kwam ons dit snel ter ore." Hjirnei hawwe de belutsen partijen meiinoar om tafel sitten om oer de kwestje te praten.

Neffens de programmamakkers moatte de sjoggers en dielnimmers 100% fertrouwe kinne op harren, en past dizze aksje fan boer Remco dêr net by. Oare froulju dy't oan Remco in brief stjoerd hiene, soene ommers gjin earlike kâns krije.

Yn in reaksje oan Boer zoekt Vrouw lit boer Remco witte dat er spyt hat fan syn aksje. "Ik had dit natuurlijk nooit op deze manier moeten doen. Ik had eerlijk moeten zijn tegen de vrouwen en tegen Boer zoekt Vrouw. Maar het is gebeurd. Ik heb er echt spijt van."

De Fryske boer sil no definityf net folge wurde troch it programma. Dat jildt sawol foar it telefyzjeprogramma as foar de online tak fan it programma.

(advertinsje)
(advertinsje)