Kooistra wurdt twadde yn Olympia's Tour

16 sep 2018 - 21:02

Marten Kooista is twadde wurden yn it einklassemint fan Olympia's Tour. De hurdfytser fan Jonkerslân waard yn de lêste etappe alfde en dat wie net genôch foar de einoerwinning. De Deen Julius Johansen waard de winner fan de Olympia's Tour. Kooistra einige santjin sekonden efter Johansen as twadde.

Marten Kooistra - Foto: www.orange-pictures.nl

Kooistra wûn sneon yn Offenbeek de massasprint en pakte dêrmei de lieding yn it klassemint, mar moast dy letter op de dei ôfstean oan Johansen. Kooistra einige sneon yn de tiidrit as 24ste, 42 sekonden efter de winner Johan Price-Pejtersen en 35 sekonden efter Johansen, dy't dêrmei de lieding yn it klassemint naam.

Lêste etappe

Yn de lêste etappe mei de finish yn it Gelderse Beneden-Leeuwen ûntstie der in kopgroep fan fyftjin man. Kooistra siet yn de kopgroep en moast santjin sekonden goed meitsje op Johansen, mar de Deen siet lykas Kooistra ek yn de kopgroep. Marijn van den Berg wûn de sprint fan de kopgroep en de etappe, Johansen krige gjin efterstân mear en waard fjirde, Kooistra einige as alfde en dêrmei einige de 20-jierrige Kooistra as twadde yn it klassemint.

(advertinsje)
(advertinsje)