Fjirde plak foar de frouljusacht op it WK

16 sep 2018 - 20:20

De Nederlânske frouljusacht is by it WK yn Plovdiv yn Bulgarije op it fjirde plak einige.

Foto: ANP

It roeiteam, mei dêryn Ymkje Clevering fan Haulerwyk en Aletta Jorritsma fan Tsjummearum, wie net sterk genôch om Amearika, Kanada en Australië te ferslaan.

Earder dit jier helle it team op it EK noch brûns efter Roemenië en Grut-Brittannië. No wiene de froulju de bêste fan Europa, mar moasten se har meardere erkenne yn de teams út Amearika, Kanada en Australië. Roemenië en Grut-Brittannië einigen op dit WK op it fiifde en sechde plak, krekt efter Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)