Danny Noppert yn de heale finale yn Riesa ûnderút

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is yn de heale finale fan it International Darts Open yn Riesa yn Dútslân ûnderút gien. Hy ferlear mei 7-2 fan de Australiër Simon Whitlock. Dochs is de knappe prestaasje fan Noppert in moaie opstekker, want hjirmei pleatst er him foar de World Grand Prix yn Dublin.
Noppert fersloech earder al de Eastenriker Mensur Suljovic dy't op dit stuit op it sechde plak op de wrâldranglist stiet. Noppert stiet sels op de list op in 72ste plak. De Jouster wie mei 6-4 te sterk foar syn tsjinstanner, en smiet dêrby trije kear in 180.
Danny wie dêrnei yn de kwartfinales te sterk foar de Ingelske Darren Webster. Nei in spannende wedstriid stie der 6-5 op it skoareboerd. Noppert kaam mei 5-1 foar, mar Webster kaam noch werom oant 5-5. De lêste leg wie lykwols wer foar Noppert.
De heale finale tsjin Whitlock wie lykwols it einstasjon foar Noppert. De tsjinstanner út Australië is op dit stuit de nûmer sân fan de wrâld.