Doarpswurk stiet ûnder druk

16 sep 2018 - 19:32

Doarpswurk is in organisaasje dy't inisjativen stipet en stimulearret om de leefberens op it Fryske plattelân te fergrutsjen. Se begeliede frijwilligers yn hûnderten Fryske doarpen. De provinsje is fan doel de subsydzjekraan ticht te draaien. Direkteur Jan Hendrik Jansen is it net iens mei de beliedsnotysje Leefberens dêr't Provinsjale Steaten op 26 septimber oer beslute sille. Hy wie te gast yn it Omrop Fryslân programma Buro de Vries.

Jan Hendrik Jansen, direkteur fan Doarpswurk - Foto: Omrop Fryslân

Jan Hendrik Jansen fan Doarpswurk

"Ik wil de beleidsnotitie niet afkraken", seit Jan Hendrik Jansen, "maar er spreekt voor mij niet genoeg visie uit'. Direkteur Jansen fan Doarpswurk fynt it hielendal net slim dat syn organisaasje ris tsjin it ljocht hâlden wurdt. Mei de tiid feroarje saken en dat betsjut dat jo wurkwize bêst ris oanpast wurde mei. Mar it plan fan de provinsje om de finansjele stipe foar syn Doarpswurk yn twa jier tiid ôf te bouwen sûnder dat der in deeglik nij plan leit om de stipe oan frijwilligers te behâlden, is er it net mei iens.

Winaam - Foto: Omrop Fryslân

Wêr makket Jansen him dan krekt soargen oer?

- Stipe oan frijwilligers troch in kommersjele organisaasje.

- Inkeld inisjativen troch it Iepen Mienskipsfûns krije finansiering.

- De provinsjale doarpshûsregeling wurdt ôfboud nei hielendal nul.

- Hoe it ûntstean fan inisjativen stimulearje?

Jansen kin him wol fine yn it plan om nei ien netwurkorganisaasje ta te gean yn plak fan in ferskaat oan organisaasjes dy't allegearre apart finansiering krije, eigen gebouwen en direkteuren hawwe. As de provinsje no op in rychje sette soe wat se útjouwe oan leefberens-organisaasjes dan tinkt hy dat dat in stik goedkeaper kin. Soe Doarpswurk net dy nije netwerkorganisaasje wurde moatte? "Nee, eerst kijken wat we nodig hebben. Vorm volgt inhoud".

Op 26 septimber komt de 'Notitie Leefbaarheid' ta beslútfoarming yn de Steaten. Doarpswurk ropt minsken op hjir hinne te kommen.

Trefwurden: 
doarpswurk
(advertinsje)