Opnij dramatysk spul Hearrenfean: "Niemand is hier tevreden over"

It wie in frustrearjende middei foar Sportklup Hearrenfean. Opnij gie de ploech fan Olde Riekerink mei 5-3 ûnderút. En dat wylst Hearrefean en Heracles Almelo inoar lang yn lykwicht hâlden. Heracles Almelo naam hieltyd de lieding, mar Hearrenfean koe faak fuort in antwurd jaan, wêrtroch't de besikers nea fier útrinne koene, oant de lêste fiiftjin minuten. "Het is op dit moment niet goed, en niemand is er tevreden over", is de nuchtere konkluzje fan Hearrenfean ferdediger Dave Bulthuis.
Reaksje Bulthuis
"We hebben alleen maar gescoord uit standaardsituaties, en op het moment dat wij op de helft van de tegenstander komen wordt het lastig. Ik mis daar een hoop." Bulthuis doelt dêrmei op de striidberens fan de ploech, it sprekwurdlike mes tusken de tosken. "Ik neem aan dat het in je zit, dat je het vuur uit je schoenen wil lopen, maar ik mis dat nu al een paar weken." Der is al in tal kear oer praat, mar noch hieltyd wurdt it neffens Bulthuis net útfierd.
Yn fergelyk mei ferline jier is der net in hiel soad feroare yn de ferdediging fan Hearrenfean en dochs rint it net. "Ik denk dat iedereen in de spiegel moet kijken", analysearret Bulthuis. "Als je in de verdediging van Heerenveen speelt en je krijgt 20 tegengoals in de laatste vijf wedstrijden dan word je daar niet vrolijk van."
Reaksje Lammers

Dûbeld gefoel

Foar oanfaller Sam Lammers wie it wat in dûbele middei: it ferlies komt fansels hurd oan, mar de jonge spiler makke sels twa doelpunten. "Dat is lekker, en het waren belangrijke doelpunten, maar uiteindelijk tellen ze niet."
Neffens Lammers moat de skuld net fuortendaliks allinnich mar socht wurde by de ferdediging fan Hearrenfean. "Het komt door het hele team, we staan slecht en we werken slecht samen in deze wedstrijd." Oanfallend koe it team fan Olde Riekerink allinnich mar skoare út standerdsitewaasjes, en dat telt neffens Lammers mei. "Ja, we hebben wel drie doelpunten gemaakt, maar het is niet helemaal eerlijk."
Reaksje Olde Riekerink