Bylden Ljouwerter Joadske Brulloft yn ynternasjonale dokumintêre

16 sep 2018 - 17:21

De film fan de Joadske brulloft yn Ljouwert, dy't ferline jier ûntdutsen waard, is brûkt yn de ynternasjonale dokumintêre Forgotten Soldier.

Foto: Omrop Fryslân

De film gie snein yn bioskoop Pathé yn Amsterdam yn premjêre. Dizze Ingelsktalige film giet oer de Joadske hanneler Sally Noach dy't hûnderten Nederlânske Joaden rêden hat. Dat die Noach yn Lyon dêr't in soad flechtlingen om help kamen. Ek it pear Barend Boers en Mimi Dwinger kamen hjir del, nei't sy yn 1939 yn de Ljouwerter synagoge trouden. Sy binne troch Noach holpen en út de finzenis helle.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust skreau earder dit jier in boek oer it ferhaal fan Barend Boers en Mimi Dwinger. Dokumintêremakker Annet Huisman makke op basis hjirfan in langere dokumintêre. Hjirûnder is diel twa te sjen, wêrby't de famylje fan it pear, it paad yn Frankryk opnij opsiket.

(advertinsje)