Ferlies foar Hearrenfean nei doelpuntespektakel mei acht goals

16 sep 2018 - 16:27

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo ferlern. Yn de tolfde minút iepene Adrián Dalmau de skoare foar Heracles. Mar pas yn de twadde helte kaam de wedstriid los, mei yn totaal acht goals kaam de einstân út op 5-3 foar de besikers út Almelo.

Foto: Orange Pictures

Harkje hjir nei alle goals

Sportklup Hearrenfean komt net goed út de startblokken wei yn har tredde thúswedstriid fan it seizoen, want al nei tolve minuten sjogge de Friezen tsjin in 1-0 efterstân oan. Adrián Dalmau kin sûnder druk in foarset fan Van Hintum oannimme, en achter Hahn it doel ynwurkje. En dêr bliuwt it minne nijs net by foar Hearrenfean. Al yn de earste 45 minuten moatte de Feansters sawol Pierie as Hoegh wikselje fanwege in blessuere.

Earste lykmakker

Heracles krijt yn de 42ste minút noch in grutte kâns om de foarsprong fierder út te bouwen. Mar de counter wurdt troch keeper Hahn fakkundich ûnskealik makke. Krekt foar it skoft is dêr lykwols ynienen út it neat de goal foar Hearrenfean. Nei in oertrêding op Michel Vlap krijt Hearrenfean in frije traap krekt bûten it 16-metergebiet. Dizze frije traap wurdt troch oanfaller Sam Lammers yn de fiere hoeke wurke, wêrmei't beide ploegen mei in 1-1 stân oan de tee meie.

Foto: Orange Pictures

De twadde helte

Nei de rêst pakt Heracles alwer gau de lieding, nei in nuvere sitewaasje foar de goal komt de bal yn de 49ste minút foar de fuotten fan Duarte, dy't gjin flater makket. De VAR sjocht noch wol nei de sitewaasje mar fynt dat der gjin flaters makke binne troch de arbitraazje.

Net in minút letter is der opnij argewaasje, as Pröpper en Vlap yn it 16-metergebiet mei-inoar yn botsing komme. De spiler fan Heracles is der min oan ta en moat mei in brankaar fan it fjild droegen wurde.

Lammers makket dêrnei gjin flaters, en sjit de dêropfolgjende penalty kreas binnen.

Foto: Orange Pictures

Diskutabel

De Feansters lykje dêrnei wat better yn de wedstriid te sitten, mar dochs is it opnij Heracles dy't de foarsprong pakt. In diskutabele frije traap foar Heracles wurdt fia in grutte muorre troch Peterson binnen sketten. De defleksje soarget derfoar dat keeper Hahn eins gjin kâns hat om de bal tsjin te hâlden.

Kopbal

Hearrenfean moat dêrom foar de tredde kear yn de efterfolging, en foar de tredde kear hawwe de Feansters dêr net al te lang foar nedich. Noch gjin fjouwer minuten nei de goal fan Heracles is it opnij in standerd sitewaasje dy't in goal opsmyt foar Hearrenfean. Dizze kear is it Morten Thorsby, dy't heech boppe de ferdediging fan Heracles útkomt en mei in knappe kopbal de stân op 3-3 set.

Foto: Orange Pictures

Efterfolging

De ferdediging bliuwt lykwols in grut probleem foar Hearrenfean, want it lykspul kin opnij net fêsthâlden wurde. Yn de 72ste minút komt Heracles Almelo opnij op foarsprong. Opnij is it Peterson dy't sa trochrinne mei, en yn in ien op ien sitewaasje de bal ûnder Hahn trochskood it doel yn.

Yn de lêste tsien minuten giet Hearrenfean noch wol op jacht nei de fjirde lykmakker, mar it is de ploech út Almelo dy't it lêste doelpunt fan 'e wedstriid makket. Yn de 87ste minút kin Osman de 5-3 foar de besikers op it skoareboerd sette. Opnij komt de goal út in standerdsitewaasje wei, nei't Vlap in oertrêding makket en Heracles in frije traap krijt.

Mei 5-3 is de einstân foar guon fans fan Hearrenfean ek reden foar in lyts fluitkonsert. It is net foar it earst dat de Feansters thús in protte goals om 'e earen krije.

(advertinsje)
(advertinsje)