Ljouwert hat stiltesintrum

06 nov 2011 - 17:14

In minske moat yn dizze jachtige tiid sa út en troch stil wêze kinne. Dat sei einredakteur Leo Feijen fan KRO/RKK snein yn Ljouwert by de iepening fan stiltesintrum De Oergong. It saneamde 'Huis van Bezinning en bezieling' sit yn de menniste tsjerke oan de Wurdumerdyk, yn de Ljouwerter binnenstêd. It besinningssintrum is net allinnich tagonklik foar leden fan de menniste tsjerke, mar is iepen foar elts dy't ferlet hat fan stilte en meditaasje.

(advertinsje)