Marit Bouwmeester wint wrâldbeker yn Japan

16 sep 2018 - 13:52

Sylster Marit Bouwmeerster wint de medaljerace en en pakt goud by de wrâldbeker yn Enoshima yn Japan.

Bouwmeester stie sneon al twadde yn it klassemint fan de Laser Radial-klasse. Sy pleatste har dêrmei al foar de Olympyske Spelen yn Japan dy't yn 2020 hâlden wurde op itselde wetter. Mei de winst fan de medaljerace wûn sy oertsjûgjend de gouden medalje.

Harkje nei in petear mei Marrit Bouwmeester

Bouwmeester hie it sukses net ferwachte. Se moast fjochtsje foar elke sintimeter. De winst jout har nei eigen sizzen in lekker gefoel. Sy sjocht it as in moai útgongspunt, mar it seit noch neat oer de Spelen fan 2020. Neffens har moatte der noch in soad oeren makke wurde, want de omstannichheden binne net maklik yn Japan.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen
(advertinsje)
(advertinsje)