Kampioenshynder Wietske: "Hjir kinst allinnich mar fan dreame"

16 sep 2018 - 13:41

De merje Wietske fan de Minzerdyk is sneon kampioen wurden op de Centrale Keuring yn Drachten. Foar de eigeners Maartje Vriend en Gerard Samplonius is it in grutte ferrassing. Samplonius: "Hjir kinst allinnich mar fan dreame."

Foto: Johanna Faber

Wietske is mei trije jier in jong hynder dat op de finalekeuring trije âld-kampioenen fersloech. In grutte ferrassing. De sjuery hie it oer it gemak wêrmei't Wietske draaft. Se is yn balâns, har bewegingstechnyk is goed.

Ek it uterlik fan it hynder waard wurdearre. Samplonius: 'It uterlik is 'modern', sa't hjoed-de-dei moai fûn wurdt.'

Trefwurden: 
hynders merje wietske Mirns
(advertinsje)