Hinke Schokker rint har alderearste maraton yn in tiid ûnder de trije oeren

16 sep 2018 - 12:28

Hinke Schokker fan Eastermar hat snein har alderearste maraton ôfsluten yn in tiid ûnder de trije oeren. Se helle de einstreek yn Berlyn yn 2.50.33. De Keniaanse Gladys Cherono wie de rapste frou yn Berlyn yn in tiid fan 2.18.11.

Schokker wûn earder ferrassend de 100 kilometer fan Winschoten. Se waard gjin Nederlânsk kampioen, omdat se gjin wedstriidlisinsje hie. Se kaam yn Winschoten trije kertier earder oer de streek as de nûmer twa, dy't úteinlik de titel krige. Letter krige Schokker wol in wedstriidlisinsje.

Foto: Hinke Schokker

Harkje nei in petear Hinke Schokker

(advertinsje)
(advertinsje)