Plysje docht oprop om út te sjen nei fermiste man

16 sep 2018 - 10:47

De plysje docht in oprop op boargernet om út te sjen nei in fermiste 68-jierrige man. De man wennet yn De Kúnder yn Oerisel, mar hy kin ek yn de gemeenten De Fryske Marren of Weststellingwerf sitte

Plysje - Foto: ANP

It giet om in blanke man mei koart, donker hier. Hy hat in griis burd en in grize snor. De man hat in donkere jas oan, in bril op en kuierskuon oan. Hy rydt op in swarte hearefyts mei grize fytstassen. Minsken dy't him sjoen hawwe, of dy't mear oer de man witte, kinne belje mei de plysje op it gewoane nûmer 112.

Trefwurden: 
fermist boargernet
(advertinsje)
(advertinsje)