Auto útbaarnd by Hurdegaryp, flammen slaan meters heech út it dak

16 sep 2018 - 07:55

By Hurdegaryp is sneontejûn in auto folslein útbaarnd. De brân op de Noarder-Omwei (N355) wie krekt foar alve oere.

Foto: De Vries Media

Doe't de brânwacht fan Gytsjerk derby kaam, stie de auto al yn ljochte lôge. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Al dy tiid hat de wei ôfsluten west. Wat de oarsaak fan de brân is, is noch net bekend.

(advertinsje)