Tsjek is back: Is it jildklompke by brêgen noch wol fan dizze tiid?

16 sep 2018 - 07:14

De earste Tsjek fan dit nije skoaljier giet oer brêgen. Hoe wurket in brêge no eins en is de brêgewipper mei it klompke noch wol fan dizze tiid? Raynaud hat it deroer mei de learlingen fan basisskoalle de Spoarsiker yn Ychtenbrêge.

TSJEK sjoch en ûntdek!

Tsjek is in Frysk edukatyf telefyzjeprogramma foar de boppebou fan de basisskoallen. Yn Tsjek wurde aktuele en maatskiplike tema's behannele. It SkoalTV programma wurdt wykliks opnaam op ien fan de basisskoallen yn Fryslân dy't ûnderling ek de striid oangean yn de Wylde Wurd Striid! Raynaud Ritsma presintearret Tsjek en floch-ferslachjouster Lennie Bronsveld tsjekt it ûnderwerp op lokaasje.

Tsjek op basisskoalle de Spoarsiker yn Ychtenbrêge! - Foto: Omrop Fryslân

TSJEK snein 16 septimber TV, moandei 17 septimber online op skoal.tv.

'Tsjek' is alle sneinen fan 17.30 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Ek te sjen op woansdei en freed om 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere. Online is it programma te sjen op Skoal.tv.

(advertinsje)