Bliidskip by Harkemase Boys: "Hjir dochst it foar!"

15 sep 2018 - 22:54

Lok hat neffens trainer Tieme Klompe fan Harkemase Boys in rol spile yn de Fryske derby tusken syn ploech en ONS Snits. "Qua kansenverhoudingen had Sneek minimaal een gelijkspel verdiend, denk ik." It wiene benammen de rêdingen fan Boys-keeper Jansema dy't de stân oan de ein fan de wedstriid op 1-2 hâlden.

De wedstriid op it Sudersportpark krige pas yn de twadde helte de spanning dy't je gewoanwei ferwachtsje fan in derby. Nei't Harkemase Boys de 2-1 makke hie, krigen de Snitsers noch in tal kânsen om de stân lyk te meitsjen. Trainer Klompe hat dan ek wol mei senuwen op de bank sitten. "Uiteindelijk als je in die eindfase terechtkomt heb je dat wel natuurlijk. Alleen weet je bij ons dat onze keeper vaak pas op het allerlaatste moment geslagen wordt, dat geeft rust."

De wedstriid begûn dreech foar beide ploegen. "Aan de bal was het heel moeilijk tegen ONS," sa fertelt Klompe, "Ze zakten helemaal op de helft van de helft terug. Daar hebben we moeite mee, maar we hebben wel de hele wedstrijd druk op de tegenstander kunnen houden." En dat betelle him úteinlik foar de Harkiten út yn in oerwinning.

Matchwinner

"Hjir dochst it foar!" Matchwinner Robert Stelpstra sjocht mei in tige posityf gefoel werom op de wedstriid. "As je sjogge wat wy de earste helte dogge, dan tinkst by dysels 'allemachtich wat is dat min'. Mar úteinlik stiest hjir mei trije punten yn de derby, en dêr giet it om!" Stelpstra wie ferantwurdlik foar it beslissende doelpunt, mar wol de eare foar dizze wichtige goal graach diele. "De foarset wie geweldich, ik hoegde my allinnich mar falle te litten. De foarset wie 95 prosint fan it wurk, en ik stie op it goede plak."

"Het is ook knap dat je tegen dit Harkema zoveel kansen kan afdwingen." 

Paul Raveneau, trainer ONS Snits

Kwaliteit

"We zeiden het al in de kleedkamer, we doen ons hier tekort." Trainer Raveneau fan ONS Snits wol der net foarwei rinne: syn ploech hie de bettere kânsen yn de derby, mar koe it mar net ôfmeitsje. "Ik denk dat het ook met kwaliteit te maken heeft." Sa seit er yn in reaksje, "Ik denk dat wij op dit moment een bepaald spel met elkaar willen spelen, en ik heb bij vlagen daar goede dingen van gezien." Dochs liket it der neffens de trainer op as wurde syn spilers sa no en dan ferrast troch de sitewaasje dêr't se yn komme. "Ik denk dat je als speler het vertrouwen moet krijgen om vaker in zulke situaties te komen, en dan te weten wat je moet doen."

Dochs wol Raveneau net te negatyf weromsjen op de wedstriid. "Het is ook knap dat je tegen dit Harkema zoveel kansen kan afdwingen."

(advertinsje)
(advertinsje)