Pieter-Jan Postma nei twa dagen earste by Iepen NK silen

Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat sneon op it Iepen NK silen syn kopposysje yn it klassemint fan de Finn-klasse ferstevige. Nei in goede earste dei gie Postma al oan de lieding, en op de twadde dei kaam hy yn alle trije races as earste oer de finish.
© Klaas Wiersma
De favoryt hat mei noch ien dei te gean acht punten foarsprong op de nûmer twa, Tijmen van Rootselaar, en tsien op Niels Broekhuizen, dy't tredde stiet.
Snein binne de lêste twa races op de Iselmar.