FIDEO: 360º Sweeffleanen by Ljouwert

15 sep 2018 - 20:36

Hast elk hat wolris flein, mar sweeffleane bliuwt foar in soad minsken wat fier by harren wei stean. Om de loftsport wat tichter by it gewoane publyk te bringen, is der sneon foar it earst in Nasjonale Dei fan de Loftsport organisearre. De Fryske Aero Club út Ljouwert wie spesjaal foar dizze dei nei it sintrum fan de Fryske haadstêd kaam om mei in sweeffleantúch foarbygongers te fertellen oer it tastel, en it sweeffleanen sels.

Foar de minsken dy't hjir net by wêze koene, en dy't dochs priuwe wolle oan it sweeffleanen is yn de ûndersteande fideo te sjen hoe't it der oan ta giet by in middei sweeffleanen by Ljouwert.

(advertinsje)