Harkemase Boys wint de Fryske derby fan ONS Snits

Harkemase Boys hat de Fryske derby fan ONS Snits wûn. Yn de twadde helte iepene Henny Bouius de skoare foar Harkemase Boys. Martijn Barto makke fuort dêrnei de lykmakker. Matchwinner waard Robert Stelpstra. Hy kopte yn de 73ste minút de winnende 2-1 tsjin de touwen.
Gearfetting ONS Snits - Harkemase Boys
It duorre lang foar't de wedstriid op it Sudersportpark yn Snits in bytsje schwung krige. De earste helte wie net al te ûnderhâldend, en beide ploegen namen gjin grutte risiko's. Al krige ONS wol in grutte kâns op de iepeningstreffer. Nick Kuipers koe de frije traap lykwols net yn it doel fan de Harkemase Boys krije, en ek de rebound waard troch Martijn Barto te wyld behannele, wêrtroch it noch hieltyd 0-0 bleau.
Eefkes letter by in frije traap fan ONS Snits stiene de Harkemase Boys net goed op te letten. De traap waard fluch naam, wêrtroch't Genridge Prijor in soad romte krige om út te heljen. Syn skot wie lykwols te wyld en fleach oer.
© Orange Pictures
Fryske derby yn Snits

Mear aksje

Yn de twadde helte soargen beide ploegen foar wat mear aksje. Al yn de 51ste minút wie it raak. Oanfierder Henny Bouius iepene de skoare foar syn ploech mei in moaie lob. ONS moast op eigen fjild yn de efterfolging, en hie dêr net al te lang foar nedich. Martijn Barto makke mei in skot yn de fiere hoeke de 1-1.
Nei 73 minuten spyljen wiene it de Harkiten dy't opnij it net wisten te finen. In foarset fan Jari Slort waard troch Robert Stelpstra hiel moai binnenkopt. Opnij dus in opjefte foar ONS om werom te kommen yn de wedstriid. En dat like fuort dêrnei ek te kommen, mar Yume Ramos kaam net foarby keeper Erick Jansema. Eefkes letter gie in frije traap fan Samir Merraki twa meter njonken.
Harkemase Boys winne Fryske Derby

Slotfaze

Foar de slotfaze brocht ONS-trainer Paul Raveneau syn lêste wiksel yn it fjild. De berne Snitser Jan Dommerholt mocht syn keunsten fertoane yn stee fan Curty Gonzales, dy't derút giet. Efkes foar de wiksel krige Harkemase Boys-oanfierder Henny Bouius in sjitkâns, mar ONS-keeper Barry Ditewig reagearre goed.
Mei noch twa minuten te gean wiksele Harkemase Boys-trainer Tieme Klompe foar it earst. Jari Slort, de man fan de assist by de 1-2, makke plak foar Pier Veldman. En mei dizze besetting slagge it Klompe om de foarsprong fêst te hâlden, en de trije punten mei nei De Harkema te bringen.
ONS Snits ferliest op eigen fjild