IepenUp VLOG: Gerrit de taalnazy

15 sep 2018 - 20:00

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegearre in hiel ferskillende eftergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.

De wrâld globalisearret en hieltyd mear bern krije Ingelske les op skoalle. Guon minsken meitsje harren ûngerêst oer de takomst fan it Nederlânsk. Mar hoe stiet it mei in folle lytsere taal as it Frysk? 'Taalnazy' Gerrit is sljocht op it Frysk en it falt Gerrit dan ek op dat in soad Fryske bern min Frysk prate. Dêrom docht er syn kostúm oan en giet hy op besite by in húshâlding dêr't it net sa goed giet mei it Frysk.

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP vlog
(advertinsje)
(advertinsje)