VV Bûtenpost pakt punt tsjin VV Berkum

VV Bûtenpost hat sneontemiddei mei in doelpuntleas lykspul tsjin VV Berkum it twadde punt yn de haadklasse B binnenhelle. De besikers út Swol sette Bûtenpost yn it begjin fan de wedstriid fuort ûnder druk, mar dêr nettsjinsteande kaam de earste echte kâns pas nei 36 minuten spyljen.
Yn de twadde helte kaam der mear skot yn de saak, mar beide ploegen kamen hieltyd de keeper fan de tsjinpartij tsjin, of hiene krekt net dat lêste bytsje lok om it net te finen. Nei 90 minuten stie it dêrom noch hieltyd 0-0.
Takom wike moat VV Bûtenpost by Urk op besite.