Danny Noppert nei finaledei yn Riesa

15 sep 2018 - 17:39

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is troch nei de finaledei fan it International Darts Open. Op it poadium yn Riesa wûn de 27-jierrige darter sneontemiddei mei 6-2 fan lângenoat Jermaine Wattimena. In dei earder pakte de Jouster al in 6-0 oerwinning tsjin Robert Thornton út Skotlân.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

De finaledei fan it International Darts Open yn Dútslân wurdt snein ôfwurke. Noppert spilet middeis by de lêste sechstjin tsjin de winner fan de partij tusken Mensur Suljovic en Ryan Joyce. By winst spilet er jûns fan de kwartfinales ôf fierder.

Troch syn oerwinning is Noppert yn prinsipe fersekere fan dielnimming oan it European Championship (EK) dat takom moanne yn Dútslân hâlden wurdt. Ek dielnimming oan de World Grand Prix yn Dublin komt no tichteby.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten
(advertinsje)