LIVEBLOG: ONS Snits - Harkemase Boys

15 sep 2018 - 19:07

It is op it stuit dé wedstriid yn it Fryske fuotbal. No't Cambuur en Hearrenfean mekoar net tsjinkomme, giet de Fryske fuotbalderby tusken ONS Snits en Harkemase Boys. De wâldpiken tsjin de Snitser stedsjers. It is de wedstriid fan de wike by Omrop Fryslân. Folgje alles live yn dit blog. De ôftraap is om 18:00 oere.

20:09
Ein LIVE-blog

Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog. Letter op de jûn kinne jo op omropfryslan.nl en op de omrop app reaksjes en bylden ferwachtsje fan dizze wedstriid. Foar no in moaie jûn!

20:08
Man of the Match
19:54
Harkemase Boys wint Fryske derby fan ONS Snits

It is dien! Harkemase Boys wint de Fryske derby fan ONS Snits. Yn de twadde helte iepene Henny Bouius de skoare foar Harkemase Boys. Martijn Barto makke fuortendaliks de lykmakker. Matchwinner waard Robert Stelpstra. Hy kopte yn de 73ste minút de winnende 2-1 tsjin de touwen.

19:49
Blessueretiid giet yn

De 90 minuten sitte derop en dus giet de blessueretiid yn. Mar hoefolle minuten komme derby? Der is gjin fjirde official en dus wit allinne skiedsrjochter Nick Smit hoefolle ekstra tiid der komt.

19:47
Harkemase Boys wikselt foar it earst

Mei noch twa minuten te gean wikselt Harkemase Boys-trainer Tieme Klompe foar it earst. Jari Slort, de man fan de assist by de 1-2, makket plak foar Pier Veldman. Kinne de Snitsers it de Harekiten noch dreech meitsje yn de slotminuten?

19:43
Jansema hâldt syn ploech yn libben

Oef... Wat is Harkemase Boys-keeper Erick Jansema dêr belangryk foar syn ploech. Hy moat rêding bringe op de ynset fan Genridge Prijor. Noch fiif minuten te gean yn Snits en Harkemase Boys noch altyd op foarsprong: 1-2.

19:40
ONS-trainer Raveneau bringt Snitser Dommerholt

Foar de slotfaze bringt ONS-trainer Paul Raveneau syn lêste wiksel yn it fjild. De berne Snitser Jan Dommerholt mei syn keunsten fertoane yn stee fan Curty Gonzales, dy't derút giet. Efkes foar de wiksel krige Harkemase Boys-oanfierder Henny Bouius in sjitkâns, mar ONS-keeper Barry Ditewig reagearre goed.

19:34
Ramos mist mooglikheid op 2-2

Oei... Yume Ramos wie der hiel ticht by de lykmakker. Fuortendaliks nei de goal fan Harkemase Boys krijt de ynfaller fan ONS in goeie mooglikheid, mar syn skot wurdt pakt troch Harkemase Boys-keeper Erick Jansema. Efkes letter giet in frije traap fan Samir Merraki twa meter njonken.

19:32
HARKEMASE BOYS SKOART!

Wauw! Wat in prachtich doelpunt fan Harkemase Boys. In foarset fan Jari Slort wurdt nei 73 minuten hiel moai binnenkopt troch spits Robert Stelpstra. 2-1 foar Harkemase Boys!

19:30
Doelpuntemakker Barto falt út

Min nijs foar ONS Snits. Martijn Barto, makker fan de iepeningstreffer foar de Snitsers, moat it fjild blessearre ferlitte. Yume Ramos is de ferfanger fan de spits. It is de twadde wiksel by ONS: yn it skoft bleaun Ale de Boer al efter yn de klaaikeamer. Hy is ferfong troch Samir Merraki.

19:25
DOELPUNT FOAR ORANJE!

ONS Snits komt yn de 66ste minút op likense hichte. Martijn Barto makket mei in skot yn de fiere hoeke de 1-1. It is dus de âld-spits fan Harkemase Boys dy't skoart foar ONS. Dus klinkt op it Sudersportpark it 'doelpunt voor oranje', de goaltune fan ONS.

19:17
Jan Vlap ferwachtet in doelpuntrike twadde helte
19:15
Merraki kopt hast binnen

Ynfaller Samir Merraki is ticht by de lykmakker! Syn kopbal kin krekt oertikke wurde troch Harkemase Boys-keeper Erick Jansema. Der is yn de earste tsien minuten fan de twadde helte no al mear bard as yn de hiele earste helte.

19:28

Ferslachjouwer Koos Wieling oer de earste goal fan de wedstriid

19:14
GOAL!!

Harkemase Boys komt nei 51 minuten op in 1-0 foarsprong. Oanfierder Henny Bouius iepenet de skoare foar syn ploech mei in moaie lob. ONS sil yn de efterfolging moatte.

19:05
Begjin Twadde Helte

De twadde helte kin los.

18:48
Skoft!

Beide ploegen meie oan de tee. De wedstriid tusken ONS Snits en Harkemase Boys is beslist noch gjin spektakel. ONS krige de bettere kânsen, mar de tuskenstân nei 45 minuten is noch altyd 0-0. Oant oer in kertier!

18:45
Harkemase Boys byt wat mear fan him ôf

Yn de einfaze fan de earste helte lit Harkemase Boys wat mear fan him sjen. De ploech fan trainer Tieme Klompe hat it measte de bal, mar oant no ta slaggen de Harekiten der net yn om it oerwicht oer te setten yn kânsen. Jesse Renken en Berwout Beimers krije wol wat lytse mooglikheden, mar eins mei it gjin namme ha. Noch twa minuten oant it skoft is yn Snits.

18:40
Dit hie 'm wêze moatten!

Harkemase Boys stiet net goed op te letten, wêrnei't ONS Snits in frije traap rap nimt. De bal komt by Genridge Prijor, dy't in soad romte hat om út te heljen. Syn skot is allinnich te wyld en fljocht oer. Hjir hiene de Snitsers mear mei dwaan moatten. Nei 40 minuten stiet de brilstân noch altyd op it skoareboerd.

18:33
Tsjinfallend earste healoere

It spul fan sawol ONS Snits as Harkemase Boys hâldt beslist net oer yn it earste healoere fan de wedstriid. Beide ploegen nimme gjin grutte risiko's, wêrtroch der net in soad te belibjen is. ONS wie it tichtste by de foarsprong: Nick Kuipers rekke de peal út in frije traap. 0-0 noch altyd.

18:22
Ald-trainer fan ONS en Harkemase Boys Jan Vlap sit earste rang
18:18
ONS ticht by 1-0

Dêr wie hast de iepeningstreffer! ONS Snits krijt, nei in oertreding fan Henny Bouius, in frije traap op sa'n 20 meter fan de goal. Ferdigener Nick Kuipers sjit de bal op ' e peal. Yn de rebound is Martijn Barto te wyld; hy sjit oer.

18:10
Yndrukwekkend earbetoan

Foar de ôftraap fan de wedstriid wie der in yndrukwekkend earbetoan oan ien fan de frijwilligers fan ONS Snits, dy't freed ferstoar. Der waard ien minút lang applaudissearre troch de minsken op it Súdersportpark.

18:06
De Fryske derby is los!
17:47
Sjoch nei de foarbeskôging
17:25
Sjoch nei ús reportaazje fan juster oer de Fryske derby
17:06
De opstellingen binne bekend
16:46
Ek op de Harkema hawwe se der nocht oan
16:46
Ideale omstannichheden
(advertinsje)