Fermiste Patrick Koekebakker noch hieltyd net fûn

De plysje siket noch hieltyd om de 22-jierrige Patrick Koekebakker út Easthim. Hy is op tongersdei 6 septimber mei syn motorboat 'Clara' fuortgien fanút Almere Haven.
© Plysje
Op 8 septimber hat in skipper him en syn boat noch sjoen by it eilân Pampus by de IJhaven. Op 11 septimber is der alarm slein. Der is yn de buert fan Almere socht mei boaten en in helikopter. Patrick syn heit en styfmem yn Easthim tinke dat hy ûnderweis soe nei syn wurk yn Heech.
Dit wykein folget de plysje it spoar oer it wetter op de Iselmar en de Markermar. Mar as dat neat opsmyt, is de plysje ôfhinklik fan tips fan minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe.
Patrick Koekebakker is 1,90 meter lang, hat blond hier en blauwe eagen. De plysje hat brêge- en slûswachters út te sjen nei de boat de 'Clara'.
De motorboat Clara © Plysje