Triemstra en Scheepstra winne klassemint en Aldehoupartij

Taeke Triemstra en Manon Scheepstra hawwe sneontemiddei it keatsklassemint op harren namme skreaun. Beide keatsers koene al foar de finale genôch ôfstân fan harren direkte konkurrinten nimme om de einwinst te pakken.
It winnende partoer by de manlju © Omrop Fryslan
Taeke Triemstra wûn op de Aldehoupartij yn in alles of neat partij fan syn direkte konkurrint Tjisse Steenstra. Beide keatsers hiene oan it begjin fan de partij 55 punten, en Steenstra bleau troch it ferlies tsjin Triemstra op dat oantal stean. Triemstra komt troch de winst op in puntetotaal fan 58. Wêrmei't de klassemintswinst offisjeel binnen helle wie. Triemstra moat de finale noch keatse. Steenstra jout yn ûndersteande fideo in reaksje op de striid tusken him en Triemstra.
Triemstra en Scheepstra winne keatsklassemint
De úteinlike oerwinning fan de Aldehoupartij gie nei it partoer fan Jelle Attema, Taeke Triemstra en Haye Jan Nicolai. Yn de finale wiene sy mei 5-3, 6-6 te sterk foar it partoer fan Menno van Zwieten, Gabe Jan van Popta, en Thomas van Zuiden.
De tredde priis wie foar it partoer Arnold Zijlstra, Pier Piersma en Erwin Zijlstra.
Aldehoupartij

Scheepstra

Ek by de froulju wie der in direkte striid tusken twa konkurrinten. Manon Scheepstra stie yn de earste omloop tsjinoer Nynke Sijbrandij, en koe troch de winst definityf it klassemint op har namme skriuwe. Sijbrandij bliuwt stean op 59 punten, wylst Scheepstra op in totaal fan 65 útkomme koe.
It winnende partoer by de froulju © Omrop Fryslân
Anne Monfils, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra wûnen úteinlik de Aldehoupartij by de froulju mei 5-3, 6-6 fan it partoer fan Sietske Okkema, Marte Altenburg en Louise Krol. De tredde priis wie foar Ilse Tuinenga, Anouk Tolsma en Melissa Rianne Hiemstra.
Triemstra en Scheepstra winne klassemint en Aldehoupartij