Marten Kooistra giet oan de lieding yn Olympia's Tour

15 sep 2018 - 14:28

Hurdfytser Marten Kooistra fan Jonkerslân giet oan de lieding yn Olympia's Tour. Hy wûn de etappe fan sneon fan goed 100 kilometer, mei start en finish yn Offenbeek yn Noard-Limburch. Mei de etappewinst krige Kooistra der ek noch seis sekonden bonifikaasje by.

Dat makket dat er yn it klassemint boppeoan stiet. Kooistra hat trettjin sekonden foarsprong op de nûmer 2, Marijn van den Berg.

Marten Kooistra (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl
Trefwurden: 
hurdfytsen Marten Kooistra
(advertinsje)