Drylts fiert feest fanwege '750 jier stedsrjochten'

Ald-Drylsters en ynwenners fan de lytse stêd fan no fiere sneon dat Drylts 750 jier stedsrjochten hat. Foardat sneontejûn in wiidweidich muzykprogramma úteinset, binne minsken earst wolkom om te sjen by in histoaryske útstalling mei foto's en filmkes. Sintrum fan de festiviteiten is multyfunksjoneel sintrum De Utherne.
Op dizze dei kinne grutske Drylsters ek in besite bringe oan eigen erfgoed. Sa kinne minsken sjen by it eigen skûtsje De Striidber of it âlde beurtskipke Johanna Jacoba. It museumwurkplak is ek iepen. Sneontejûn sille Jelle B en De Kast optrede yn De Utherne.
Drylts fiert feest fanwege '750 jier stedsrjochten'
Der binne al in skoft lang aktiviteiten yn it lytsje stedsje. Sa wie der yn oanrin nei de 750-jierrige stêd yn novimber 2015 bygelyks al in teäterstik. De foarstelling spile op meardere lokaasjes yn de stêd. It publyk waard fan de iene lokaasje nei de oare ta brocht.
Ferslachjouwer Timo Jepkema is yn Drylts