Sven ek tredde op 10 kilometer

06 nov 2011 - 16:51

Sven Kramer hat snein op it NK ôfstannen yn Thialf syn twadde brûnzen plak pakt. Op de 10 kilometer einige Kramer mei in tiid fan 13.09.96 efter Jorrit Bergsma en Bob de Jong. De Jong ried as iennichste ûnder de trettjin minuten. Mei 12.57.29 waard de 34-jierrige stayer foar de sechde kear yn syn karriêre Nederlânsk kampioen op de 10.000 meter. Jorrit Bergsma ried mei 13.00.45 in geweldich persoanlik rekôr. Nei it goud op de 5 km goed wie it goed foar sulver.

(advertinsje)