Marit Bouwmeester nei Olympyske Spelen yn Tokio yn 2020

15 sep 2018 - 11:07

Marit Bouwmeester hat har pleatst foar de Olympyske Spelen yn Tokio yn 2020. Dêr sil se har olympyske titel ferdigenje. De Fryske sylster út Warten hat har by de wrâldbekerwedstriden yn Japan kwalifisearre foar de Spelen. Se giet yn de Laser Radial-klasse as earste de medalrace fan snein yn. Se is al wis fan goud of sulver. In plak by de earste fjouwer hie genôch west. Dêr foldocht Bouwmeester dus rom oan.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

Marit Bouwmeester

Bouwmeester helle op har earste Olympyske Spelen, yn 2012,sulver. Sneon einige se yn de lêste races as njoggende, sechsde en twadde. Dêrmei stiet ze boppe-oan yn it klassemint.

Roelof Bouwmeester

(advertinsje)
(advertinsje)