Noppert troch op International Darts Open

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat freedtejûn de twadde ronde fan it European Darts Open yn it Dútske Riesa berikt. De 27-jierrige Jouster wûn ienfâldich fan rûtinier Robert Thornton út Skotlân. It waard 6-0.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Noppert hie him tongersdeitejûn kwalifisearre foar de poadiumfaze fan it toernoai. Sneontemiddei spilet er de lêste partij fan de sesje. Tsjinstanner yn dy wedstriid yn de twadde ronde is lângenoat Jermaine Wattimena.
Troch de winst yn de earste ronde yn Riesa hâldt Noppert kâns op pleatsing foar de World Grand Prix. Dat is in grut telefyzjetoernoai, takom moanne yn Dublin yn Ierlân.