Kollum: "Badpakken"

15 sep 2018 - 08:42
Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: "Badpakken"

"Je hawwe rûchwei twa helten fan de wrâldbefolking. Manlju en froulju. It is tsjintwurdich wat nuodlik om it dêrby te litten, mar foar it gemak sil ik dat hjoed al even dwaan. De iene helte fan de wrâld sjocht nei de oare en beoardielet dy. Manlju sjogge nei froulju en ja, dat is oarsom krekt gelyk. Wat dat oanbelanget is der wol sprake fan lykwicht. Mar dêr hâldt de gelikense behanneling ek fuortendaliks sawat op."

Froulju stean as cheerleaders te dûnsjen yn strakke pakjes, om de sfear te ferheegjen. Manlju sjogge dêrnei. Omdat se froulju yn strakke pakjes moai fine. Yn in boek fan Maarten Zeegers lies ik dat sels yn strang islamitysk Syrië de manlju nei heechblonde en amper klaaide Russyske prostituees loere as dy dêr oer de dyk paradearje. Zeegers hat jierren yn Damascus wenne, dus sil hy der net om lige en ik ferwachtsje ek net dat manlju dêr wêzentlik oars binne as hjir, as it om froulju yn strakke pakjes giet.

98 jier lang is yn Amearika alle jierren in nije miss Amearika keazen, salykas dat hjir mei de miss Nederlân ek bart. Dy ferkiezing hie foar de measte manlju as hichtepunt de saneamde badpakrûnte. De froulju mochten ek wol even wat fertelle oer harsels, mar dat wie foar de oare helte fan de wrâldbefolking faak tiid om even in nij fleske bier út de kuolkast te heljen. It gie om dy badpakken, of wol om hoe moai oft de froulju wienen. Harren dreamen en idealen dienen net echt ta de saak.

Ik sjarzjearje, mar as we in bytsje earlik binne, siet it wol hast sa yninoar. No is de fraach hoe slim oft dat is. En hoe't it dan sit mei de gelikense behanneling fan man en frou. Want in wike as wat lyn fertelde kollega Nynke van der Zee hjir it ferhaal oer simpele Sytse de stripper. Froulju op in frijgesellefeest dy't in man freegje om foar in pear sinten út de klean te gean. Der is in wrâld te winnen om de saken rjocht te lûken.

Mar der is feroaring op komst. Jimme meie sels fine oft it foarútgong of net is, mar yn de USA, it lân fan de ûnbegrinze mooglikheden, dêr't in presidint it oanleit mei in aktrise yn it folwoeksensjenre en har dêrnei betellet om har stil te hâlden, dêr sil it allegearre oars.

It frijwat konservative part fan de Feriene Steaten, dat trouwens manmachtich op dy presidint stimde, mar dat even om de absurditeit oan te jaan, hat safolle druk útoefene op de organisaasje fan de miss-ferkiezings dat de dielnimsters dy badpakken en galajurken net mear oan hoege. It sil fan no ôf gean oer de minske achter de miss. It giet om de ynhâld, net mear om it moaie plaatsje.

Tagelyk sille yn de National Football League dit jier foar it earst manlike cheerleaders te sjen wêze. Jesse Hernandess is ien fan de earste manllju dy't dizze nobele taak krigen hat. Hy dûnset yn it stadion fan de New Orleans Saints njonken in hiel soad jonge froulju. Wol wat apart dat dy froulju yn superkoarte rokjes rinne en hy in lange broek oan hat, mar klear. Je kinne net alles tagelyk feroarje. It sil my benije wat dy presidint derfan fynt, want de NFL hat syn oandacht. Lês syn twitter der mar op nei.

Om even by dy manlike cheerleaders te bliuwen, ik bin eins wol hiel benijd oft dy soargje kinne foar mear froulju yn de stadions. Mocht dat sa wêze, soe it foar de KNVB yn Nederlân ek in idee wêze om dêr ris nei te sjen. De stadions binne op guon plakken aaklik leech. As in pear kreaze jongkeardels dy't wyld mei de heupen draaie der no foar soargje kinne dat de froulju it paad nei de tribunes fine, liket dat my in win-win-situaasje. It fuotbal is tsjintwurdich faak net om oan te sjen. Boppedat is it folle geselliger as der ek froulju binne."

(advertinsje)