Gebou yn Grou ûntromme fanwege koalmonikside

15 sep 2018 - 07:55

Yn Grou is yn de nacht fan freed op sneon in gebou oan de Raadhússtrjitte mei dêryn apparteminten ûntromme neidat ferskate minsken net goed wurden wiene. De melding kaam om sawat healwei tolven binnen. Ut mjittingen konkludearre de brânwacht dat der in hege konsintraasje koalmonokside oanwêzich wie. Doe is it gebou ûntromme.

Meardere minsken binne troch ambulânsepersoniel ûndersocht,. Ien persoan is yn sân hasten nei it sikehûs brocht. Wannear't de minsken der wer yn kinne, is net bekend.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Grou koalmonokside
(advertinsje)