Plysje set wapenstôk yn om fjochtersbazen útinoar te heljen

15 sep 2018 - 07:34

Yn de binnenstêd fan Ljouwert hawwe yn de nacht fan freed op sneon twa fjochtpartijen west. Om trije oere wie der opskuor yn de Alde Doelstege. De plysje koe de fjochtersbazen gau útinoar helje. Efkes fierderop, op it Ruterskertier giene fyftjin man fuortendaliks wer mei-inoar de op fûst. De plysje hat de fjochterij mei de útskobere wapenstôk delbêde. Mar, in pear giene fierder op it Saailân.

Foto: Omrop Fryslân

In 29-jierrige ynwenner fan de Noardeastpolder is oanhâlden. Fierders waarden ek twa froulju út Ljouwert oanhâlde, fan 18 en 20 jier. Alle oanhâlden persoanen hawwe in proses-ferbaal krigen.

Der kaam ek in noch melding fan in grutte fjochtpartij op de Foarstreek. Dat blykte wol ta te fallen.

Trefwurden: 
Ljouwert fjochterij
(advertinsje)
(advertinsje)