Heech nimt Griene Plein foar doarpshûs feestlik yn gebrûk

14 sep 2018 - 22:33

It doarp Heech naam freedtejûn feestlik it 'Griene Plein' yn gebrûk. It plein leit foar it Hegemer doarpshûs en bestiet út ûnder oare in muzykkoepel nei in ûntwerp fan keunstner Gerrit Terpstra, in soad grien, in terras en mooglikheden foar de bern om te boartsjen. Fan dy mooglikheid wurdt drok gebrûk makke.

Heech is wiis mei it Griene Plein foar it doarpshûs - Foto: Omrop Fryslân

It Griene Plein is in inisjatyf fan de wurkgroep Duorsum Heech en hat mei-inoar wol in jier as seis ûnderweis west. Fierwei it measte wurk is dien troch Hegemer frijwilligers, fertelt Lucy Gelderblom fan Duorsum Heech. Sy rûst dat dy der mei-inoar wol sa'n twatûzen oeren wurk yn stutsen hawwe. Krekt om dy reden waard de iepening dien troch de Hegemers sels en waard hjir gjin wethâlder of oare bobo foar útnûge.

Foto: Omrop Fryslân

Beharkje ús reportaazje oer it Griene Plein fan Heech

Fan de muzykkoepel waard freed al drok gebrûk makke troch it muzykkorps, streetdancers en in koar. Duorsum Heech is al jierren dwaande mei ferskate inisjativen om de mienskip duorsumer te meitsjen. Sa stiet der flak bûten it sintrum fan it doarp in liftpeal mei it opskrift Snits. Wa't dêr stean giet krijt yn 'e regel frij flot in lift fan in doarpsgenoat.

Foto: Omrop Fryslân

Foar de takomst hat Duorsum Heech noch mear ambysjes. De groep wol de kommende tiid ûndersykje oft Heech ek it earste gasleaze doarp fan Fryslân wurde kin. Lucy Gelderblom realisearret har dat de mienskip dat nei alle gedachten net op eigen manneboet oprêde sil. Soks kin net sûnder help fan de oerheid, mar de wurkgroep wol yn alle gefallen neigean wat de mooglikheden foar in proef binne.

De oanwêzige Hegemers makken der freed in lyts feestje fan mei muzyk, dûns en ferskate streekprodukten, sa as Hegemer iis fan it merk Wymbrits en pankoeken.

(advertinsje)