Cambuur koprinner nei oerwinning op Telstar

Sportklup Cambuur is de nije koprinner fan de earste difyzje. De Ljouwerters wûnen thús nei in drege wedstriid mei 2-0 fan Telstar en seagen de konkurrinsje punten ferspyljen. Cambuur hat no 13 punten út fiif wedstriden. Boppedat docht Cambuur mei de oerwinning goede saken yn de earste perioade.
Cambuur nije koprinner yn earste difyzje
Cambuur fiert de 2-0 fan Justin Mathieu © www.orange-pictures.nl
Nei in matich en rommelich begjin oan de wedstriid, iepene Kevin van Kippersluis de skoare nei tweintich minuten spyljen. Justin Mathieu ferovere de bal op it middenfjild. Telstar tocht dat hy dêrby in oertrêding makke, mar it spul mocht trochgean fan skiedsrjochter Mulder. Andrejs Ciganiks kaam yn balbesit, joech de bal mei oan Van Kippersluis, dy't de bal yn de fiere hoeke skeat.
Dêrnei wie Cambuur ek even de gefaarlikste ploech. Karim Rossi skeat krekt njonken it Telstar-doel en dêrnei wie it ferskate kearen dat it allinnich oan in goede einpass ûntbruts.

Telstar sterker

Nei it skoft wie Telstar lange tiid de bettere. De gasten út Velsen setten hieltyd mear druk en Cambuur moast alles jaan om de foarsprong fêst te hâlden. Dêrby wie doelman Mous, krekt as in wike lyn, ferskate kearen wichtich foar de Ljouwerters. Healwei de twadde helte stie Sven van Doorn yn goede posysje om út te heljen, mar syn skot gie oer de Cambuur-goal.

Opluchting troch Mathieu

In kertier foar tiid soarge Justin Mathieu foar opluchting by it thúspublyk. Nei min útferdigenjen fan Telstar, koe hy de bal op de râne fan it strafskopgebiet oppikke en fraai binnen sjitte: 2-0.
Yn de lêste fiif minuten sette Telstar noch even oan, mar oanfierder Schilder blokte in skot fan El Idrissi. Flak foar tiid krige Telstar-spiler Van Heertum syn twadde giele kaart. Dêrmei wie it slotoffinsyf fan Telstar dien en hie Cambuur de oerwinning binnen.

Koprinner

Omdat konkurrinten NEC en Go Ahead Eagles beide punten ferlearen, klimt Cambuur nei de kopposysje fan de Earste difyzje.
Ek yn de earste perioade docht Cambuur goede saken, want dêryn wie ek Telstar noch sûnder ferlies. Cambuur giet nei trije wedstriden oan de lieding sûnder puntferlies. Sparta kin noch op gelikense hichte komme. Dy spylje snein thús tsjin Den Bosch.

Opskuor

Nei de wedstriid wie der opskuor yn it stadion, nei't in groep supporters it fjild op gie. De hekken brutsen en der waarden stewards oanfallen.
Opskuor nei Cambuur - Telstar
SC Cambuur - Telstar 2-0 (1-0) 21. Kevin van Kippersluis 1-0, 76. Justin Mathieu 2-0
Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Schilder, Sambissa; Ciganiks, Schindler (46/Maulun), Schils; Mathieu (78/Kallon), Van Kippersluis, Rossi (65/Robertha)