Pieter-Jan Postma oan kop nei earste dei iepen NK

14 sep 2018 - 21:31

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple giet nei de earste dei fan it Iepen NK silen yn Medemblik oan de lieding yn de Finn-klasse.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

Postma is favoryt yn de Finn, dus in grutte ferrassing is it net. Syn foarsprong op de earste achterfolger, Eric Bakker, is lykwols lyts: ien punt.

Freed einige Postma ien kear as twadde en twa kear as fiifde. De float sylt sneon de folgjende trije races. De lêste twa races binne snein.

(advertinsje)